Nije kampanje 'Geland' moat Noardeast-Fryslân better op toeristyske kaart sette

08 apr 2019 - 07:08

De toeristyske ûndernimmers yn Noardeast-Fryslân begjinne in nije kampanje om harren gebiet better op de kaart te setten. It sintrale tema fan de kampanje fan stichting Regio Marketing Toerisme is 'Geland.' De kampanje moat it byld útstriele dat minsken mei in drok bestean ta rêst komme kinne yn Fryslân.

Foto: Boukje Hendrika Weistra

Neffens de stichting Regio Marketing Toerisme, dy't 400 ûndernimmers fertsjinwurdiget, hat Noardeast-Fryslân alles dêr't in toerist om freget: in histoaryske stêd, De Fryske Wâlden en it Waadgebiet. De stichting is yn 2014 oprjochte om de toeristyske sektor op ien line te krijen. No't dat slagge is, is it tiid foar in folgjende stap: de regio noch better nei bûten bringe.

"Er wordt nog altijd gedacht: Noordoost-Friesland dat is best ver weg", wit Liesbeth Schievink fan de stichting Regio Marketing Toerisme. "Maar we hebben hier alles in huis. We veranderen vandaag naar 'Land in Friesland', een heel compleet land."

Bûten it seizoen

Oer gasten hawwe hoareka-ûndernimmers yn Noardeast-Fryslân benammen yn de simmer net te kleien. Schievink: "Het gaat hartstikke goed met het toerisme. Zeker in het zomerseizoen zitten de meeste accommodaties vol. Maar buiten het seizoen hebben we nog volop ruimte om mensen te verwelkomen. Het is hier zo prachtig. Je zit het ene moment met je voeten in het wad en het andere moment sta je midden in de Noardlike Fryske Wâlden."

Populêre flachjes

De plannen foar de nije kampanje wurde moandeitejûn fierder taljochte. Ien ûnderdiel fan de kampanje is al wol nei bûten kaam. Rûnom yn it gebiet binne flachjes ophongen mei de tekst 'Geland'. Dy flachjes binne yn elts gefal hiel populêr: de measten binne stellen. Schievink: "We hebben negentig vlaggen in de regio gezet op heel veel verschillende plekken. Een aantal daarvan is weggehaald. We weten ook dat mensen ze hebben meegenomen en dat vinden we fantastisch."

Ek online wurdt der folop reklame makke foar Noardeast-Fryslân. "En we gaan in een beeld laten zien hoe je hier vanuit je drukke leven ontzettend goed kunt landen."

Liesbeth Schievink oer de nije kampanje

(advertinsje)