Trije suskes allinne de hongerwinter troch: it ferhaal fan Roos Derks

08 apr 2019 - 06:48

Hast har hiele libben wie de oarloch har eigen geheim, mar no is it tiid om der oer te praten. De 86-jierrige Roos Derks-Bazuijnen fan Aldemardum fertelt hoe't sy mei har beide jongere suskes de oarloch en de hongerwinter trochkaam is.

"Ik zie mijzelf nog liggen, in de sneeuw", seit Roos. "We waren op hongertocht op zoek naar eten. Uitgeput vielen we in slaap. Dat zalige gevoel, dat zal ik nooit vergeten." De oare dei wurdt se wer wekker, yn de hurde realiteit fan oarloch, it gemis fan heit en mem en it deistige ferlet fan iten en drinken.

Yn it ferset

Roos wurdt mei har suskes Magda en Clara grut yn in kommunistyk gesin yn Rotterdam. Har heit Hendrik Bazuijnen giet nei it útbrekken fan de oarloch yn it ferset en regelet it drukken en fersprieden fan de kommunistyske fersetskrante De Waarheid. Yn 1941 wurdt hy oppakt, midden yn de nacht. Roos: "Daar weet ik niks meer van. 's Ochtends was hij gewoon weg. Mijn moeder zei: 'De moffen hebben je vader meegenomen'. Dat was het, meer niet. Mijn moeder praatte er verder niet meer over."

Roos en sus Magda - Foto: Roos Derks-Bazuijnen

Hendrik Bazuijnen wurdt earst nei kamp Schoorl en dêrnei nei it Dútske konsintraasjekamp Neuengamme brocht. Roos sil har heit, mei wa't se in sterke bân hat, nea mear sjen. De famylje wurdt troch de Wehrmacht op de hichte brocht fan syn ferstjerren.

In jier letter wurdt ek de mem fan Roos, dy't ek yn it ferset sit, troch de Dútsers ophelle. Roos: "Dat weet ik nog wel, dat was vreselijk. Een enorm kabaal. Aufmachen, aufmachen! Wij werden ook van bed gehaald, alles werd overhoop gehaald."

Roos har mem kriget earst de deastraf, mar dy wurdt omset yn deportaasje nei it frouljuskonsintraasjekamp Ravensbrück. Dêr hawwe in de oarloch 132.000 finzenen sitten. Tsientûzenen kamen om troch eksekúsjes, honger of sykte. De mem fan Roos oerlibbet de ferskrikkingen.

Mem Cor mei Magda en Roos - Foto: Roos Derks-Bazuijnen

Dêr sitte se dan, trije jonge famkes fan 9, 8 en 5 jier âld. Sûnder heit en mem yn in wenning yn Rotterdam. Roos: "Zo was het. Als ik als volwassene terugkijk, dan denk ik: hoe is het mogelijk? Maar dat vroegen we ons toen niet af. Een kind neemt het leven zoals het zich voordoet. We gingen gewoon door, over vader of moeder spraken we niet meer."

Roos, Magda en Clara - Foto: Roos Derks-Bazuijnen

De Joadejacht

Yntusken wiene de Dútsers begûn om Joaden op grutte skaal op te pakken en te deportearjen. "Dat zagen we voor onze ogen gebeuren, ze liepen bepakt met koffers over straat. Wij wisten dat ze niet terug zouden komen."

Op skoalle komt de Joadejacht tichteby. "Sonja zat 's ochtends nog in de schoolbanken, 's middags niet meer. De meester zei met tranen in de ogen: 'Een zwarte dag, kinderen'. De lege stoel van Sonja bleef de stoel van Sonja, daar mocht niemand op zitten. Als een soort monument."

Roos Derks-Bazuijnen no - Foto: Reyer Boxem

It ferhaal fan Roos Derks

Roos, Magda en Clara geane de hongerwinter fan 1944 temjitte. De skoalle is ticht, se helje iten by de gearkoken en somtiden geane se op hongertocht. It grutste part fan de dei bliuwe se op bêd lizzen om waarm te bliuwen. "Maar op een gegeven moment kwam ik tot het inzicht dat het zo niet langer kon. We zijn naar mijn tante gelopen, daar zijn mijn beide zusjes gebleven. Ik ging naar mijn opa." En sa hellen se de befrijing yn maaie 1945.

Boek

In moanne letter, moarns betiid, makket pake Roos wekker. "Mijn opa zei: 'Rustig maar kind, je moeder is er'. Ik ging naar beneden en zag haar aan de tafel zitten. Ik dacht: jee, is dat mijn moeder? Dat scharminkel? 'Zo, ben jij er ook nog', zei mijn moeder. Ja, ik ben er ook nog. Dat was het, onvoorstelbaar eigenlijk."

De wurden fan mem binne de titel wurden fan it boek dat sûnt dizze wike yn de winkels leit. 'Zo, ben jij er ook nog' is útjûn troch Noordboek en fertelt it hiele oarlochsferhaal fan Roos Derks-Bazuijnen.

Foto: Bornmeer | Noordboek
(advertinsje)
(advertinsje)