Steuring Dokterswacht Fryslân wer foarby: it gewoane nûmer kin wer belle wurde

08 apr 2019 - 06:38

De telefoansteuring by de Dokterswacht Fryslân is wer foarby. De Dokterswacht meldt dat it gewoane nûmer fan moandeitemoarn wer yn gebrûk is: 0900 112 7 112. As gefolch fan de steuring wie de dokterswacht fan snein ôf allinnich berikber fia in spesjaal kalamiteitenûmer. Minsken dy't it sintrale nûmer bellen, krigen gjin gehoar.

Dokterswacht Fryslân - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De steuring waard feroarsake troch in technysk mankemint. It gong allinnich om it nûmer fan de dokterswacht. It neednûmer 112 wie wol gewoan berikber.

(advertinsje)
(advertinsje)