Yllegale taksysjauffeur (37) oanhâlden yn Drachten

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein yn Drachten in 37-jierrige man oanhâlden. De Drachtster ferfierde meardere minsken tsjin betelling yn syn auto, wylst er dêr gjin papieren foar hie.
© ANP
It ferfieren fan minsken tsjin betelling sûnder dy fergunningen en apparatuer is yllegaal. By de man waard ek in flink jildbedrach oantroffen, dat is yn beslach nommen.

Meldingen

De ôfrûne tiid krige de plysje al meardere meldingen oer it 'taksywurk' fan de man yn it Drachtster útgeanslibben. De 37-jierrige is foar fierder ûndersyk opsletten en der wurdt proses-ferbaal tsjin him opmakke.