Bolletongersdei lit nije aktiviteiten farre

07 apr 2019 - 21:03

It bestjoer fan Stichting Bolletongersdei yn Boalsert lit alle nije aktiviteiten fan de ôfrûne jierren gewurde. Fan dit jier ôf wurde de Agraryske Beurs, it edukative programma en it Beleefplein net mear organisearre. Reden is de hieltyd komplekser wurdende regeljouwing dêr't it evenemint oan foldwaan moat. De tradisjonele merk, de merke, de keallekeuring en de ringriderij bliuwe wol gewoan op Bolletongersdei.

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Neffens foarsitter Cor de Groot fan de Stichting Bolletongersdei hiene se mear gearwurking en stipe fan de gemeente Súdwest-Fryslân ferwachte. "Wy kinne net om de konklúzje hinne dat Bolletongersdei te min libbet yn 'e stêd en by de gemeente. Trochgean mei alle aktiviteiten en it programma deabliede litte is foar ús gjin opsje", neffens De Groot.

Trefwurden: 
Boalsert Bolletongersdei
(advertinsje)
(advertinsje)