Simke Kloostermanpriis 2019 foar berneboek Tomkes foarlêsfeest

07 apr 2019 - 20:33

It berneboek Tomkes foarlêsfeest is de winner fan de Simke Kloostermanpriis fan 2019. It boek fan skriuwsters Auck Peanstra (1954-2016) en Riemkje Pitstra en fan yllustrator Luuk Klazenga kaam yn 2016 út, ta neitins oan Peanstra.

Foto: Skriuwersboun

Skriuwster Auck Peanstra hat earder de Simke Kloostermanpriis wûn, yn 1998. Doe wie dat foar har boek Yn piama de dyk oer. De sjuery, besteande út Sytske Eringa, Geart Tigchelaar en Gerbrich van der Meer, wie unanym yn syn oardiel.

Kanshawwers

Der makken mar leafst fjirtich Fryske berneboeken kâns op de priis. De Simke Kloostermanpriis, besteande út in oarkonde en in bedrach fan 5.000 euro, wurdt yn maaie útrikt.

Simke Kloosterman wie in ferneamde Fryske skriuwster. Se is ferneamd wurden troch de romans dy't se foar folwoeksenen skreau, mar se hat sels ek berneboeken skreaun werûnder Twiljochtteltsjes, it Great Teltsjeboek en it Lyts Teltsjeboek. Nei Kloosterman har dea is yn 1982 is besletten in priis beskikber te stellen foar it bêste Frysktalige berneboek. De priis wurdt elke trije jier troch in profesjonele sjuery útrikt.

(advertinsje)
(advertinsje)