Minsken ûnderskatte de gefolgen fan in mage-ferlytsing

07 apr 2019 - 20:03

Der wurde hieltyd mear mage-ferlytsingsoperaasjes útfierd yn sikehûs MCL yn Ljouwert. Dit jier moatte it der sa'n 950 wurde. Dat binne der 100 mear as it ôfrûne jier. De ferwachting is dat it oantal de kommende jierren noch fierder groeit.

Minsken ûnderskatte gefolgen mage-ferlytsing

"Obesitas blijft een probleem in Nederland, over de hele wereld", seit sjirurch Marloes Emous. Sneon wie der yn it MCL in pasjintesympoasium oer obesitas. Dêr waard ûnder mear praat oer ûnderfiningen fan minsken dy't in operaasje ûndergien ha en oer hoe't je libben dan feroaret.

Dreger as tocht

In operaasje ûndergean om je mage lytser te meitsjen is faak dreger as tocht. Dat seit Nienke Cnossen. Se hat sels sa'n operaasje ûndergien en is hûndert kilo kwytrekke, mar op gewicht bliuwe is dreech. "Wat mensen onderschatten is dat je je hele levensstijl moet omgooien. Je kunt niet meer hetzelfde eetpatroon hebben als daarvoor."

Neffens Cnossen gean in soad minsken foar de operaasje dêr't se it meast mei ôffalle: "Maar dan vergeten ze dat je zelf een sterke eigen inbreng hebt. Die operatie is een trucje." Yn tachtich persint fan de gefallen giet it goed, mar fan dy oare groep falle in soad werom. "Dan vallen ze niet genoeg af naar wat ze gehoopt hadden. Dat geeft een mentale tik."

Sikehûs MCL yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Dat der faak te licht tocht wurdt oer sa'n operaasje, sjocht ek sjirurch Marloes Emous. "Met name door de buitenwereld. Dat mensen hier binnenstappen en dan hup geholpen zijn. Dan gaan ze voorbij aan het feit dat het juist voor onze patiënten een grote stap is om hier te komen. Ze voelen het als falen dat het zelf niet gelukt is goed af te vallen."

It is belangryk de minsken dy't in operaasje ûndergien ha goed yn de gaten hâlde wurde. "Je moet je hele leven omgooien. Dat is best een grote stap. Blijf je hangen in je oude gewoontes dan krijg je sneller last van je maag, ook van bijvoorbeeld diarree."

Posityf oer takomst

It tal operaasjes nimt dus bot ta. Dochs is Marloes Emous posityf oer de takomst. "Je ziet dat de groei van obesitas afneemt. Vooral ook onder kinderen en dat is toch de toekomst. Als je al te dik bent dan is het lastig in de hand te houden. Je moet het zien te voorkomen. Ouders en de scholen spelen daar een belangrijke rol in. Vroeger was daar minder aandacht voor, minder over bekend ook."

(Advertinsje)
(Advertinsje)