Hurdrider (20) út Oerterp rekket rydbewiis kwyt

07 apr 2019 - 18:36

De plysje hat sneintemiddei yn Oerterp it rydbewiis ôfpakt fan in 20-jierrige man út it doarp. De Oerterper, dy't ek nochris begjinnend bestjoerder wie, ried fierstente hurd oer de Mounleane.

Rydbewiis en paspoart - Foto: Shutterstock.com

Hy die dat mei goed 116 kilometer yn it oare, op in dyk dêr't maksimaal 60 tastien is. De plysje hat fanwegen de oerskrieding it rydbewiis fan de man ôfnommen.

Trefwurden: 
plysje Oerterp rydbewiis
(advertinsje)
(advertinsje)