Tsientallen supporters fan SC Hearrenfean wachtsje spilersbus op

07 apr 2019 - 17:10

De spilersbus fan Hearrenfean is sneintemiddei opwachte troch sa'n tachtich oant hûndert supporters fan de fuotbalklup. De supporters wiene net bliid mei de kânsleaze nederlaach fan harren ploech tsjin FC Emmen.

Foto: Dennis Stoelwinder

Sportklup Hearrenfean ferlear dêr sneintemiddei mei 2-0. In tal spilers gie yn petear mei de supporters. Der kaam fierder gjin plysje oan te pas, allinne de plysje en stewards dy't ek mei wiene nei Emmen. It is fierder rêstich bleaun.

Algemien direkteur Cees Roozemond en technysk manager Gerry Hamstra wiene ek oanwêzich en binne yn petear gien mei de fans.

(advertinsje)
(advertinsje)