FIDEO: Sterk LDODK útskeakele foar finale Kuorbal League

07 apr 2019 - 17:01

It bêste seizoen fan LDODK yn de Kuorbal League is net beleanne mei in finaleplak yn de Ziggo Dome. Yn in útferkochte sporthal Koartsweagen wûn PKC nipt mei 25-23 en beslist dêrmei nei de 29-21 winst yn Papendrecht de bêste-fan-trije searje mei 2-0.

Sterk LDODK úskeakele foar KL finale

Foar mear as 1.300 man publyk naam Femke Faber sneon ôfskied fan it topkuorbal. De 24-jierrige Gordykster spile 17 jier yn it shirt fan LDODK, mar kiest no foar oare saken yn it libben.

Se hope op in ôfskied yn de finale yn de Ziggo Dome yn Amsterdam, mar nettsjinsteande it sterkste seizoen fan LDODK út de skiednis einigen de play-offs yn de heale finale. Yn de bêste-fan-trije searje wie PKC út Papendrecht úteinlik krekt te sterk. Faber krige in steande ovaasje.

Foto: www.orangepictures.nl

André Zwart, oanfieder fan LDODK, wie nei ôfrin fan de wedstriid sneon teloarsteld oer it ferlies yn de play-offs. "It wie in geweldige pot, mei in teloarstellend einresultaat." Ek hie er it oer Femke Faber, dy't ôfskied naam fan LDODK.

André Zwart oer útskeakeling foar finale

Trainer Henk Jan Mulder baalt fan de útskeakeling yn 'e play offs, mar is ek tige grutsk op syn team. "Wy hiene in geweldige start, mar PKC kaam knap werom. By 19-19 en dêrnei hiene wy de wedstriid ûnder kontrôle, mar wie koene it oanfallend spitigernôch net trochsette."

Henk Jan Mulder baalt fan missen Kuorbal League finale

(Advertinsje)
(Advertinsje)