Steuring Dokterswacht Fryslân: belje it spesjale kalamiteitenûmer
Dokterswacht Fryslân is snein troffen troch in technyske steuring. As gefolch fan dy steuring is de dokterswacht allinne berikber fia it spesjale kalamiteitenûmer: 088-1181794. Minsken dy't it sintrale nûmer belje, krije gjin gehoar.
It is noch net dúdlik hoelang't de steuring krekt duorje sil. As der by in situaasje libbens yn gefaar binne, moatte minsken it alarmnûmer 112 belje. Minsken dy't dochs in húsdokter nedich hawwe, kinne it spesjale kalamiteitenûmer belje.