Darter Noppert op snein al yn twadde partij ûnderút

Darter Danny Noppert fan De Jouwer lei sneintemiddei al nei twa wedstriden út it tsiende Players Championship. De 28-jierrige Fries gie yn it Ingelske Barnsley mei 6-3 ûnderút tsjin de trage Justin Pipe.
© Orange Pictures
De Jouster hie it yn earste ynstânsje dreech tsjin Pipe en kaam op in 4-0 efterstân. Dêrnei smiet er inkelde goeie legs en kaam er hast op likense hichte. De Ingelskman hold lykwols syn eigen leg en bruts Noppert úteinlik mei in finish fan 88.

Sneon ûnderút tsjin Lewis

Yn de earste wedstriid fan snein rekkene Noppert mei oertsjûging ôf mei Kevin Burness: 6-1. In dei earder helle de darter noch de lêste sechstjin, dêr't er úteinlik ferlear fan twafâldich wrâldkampioen Adrian Lewis.
Takom wykein reizget it profesjonele dartsirkwy wer ôf nei Barnsley. Dêr wurde dan de Players Championships 11 en 12 ôfwurke. De Players Championships fan de PDC binne fliertoernoaien dy't wichtich binne om pleatsing foar de grutte telefyzjewedstriden ôf te twingen.