SC Hearrenfean it skip yn by FC Emmen

Opnij is Sportklup Hearrenfean der net yn slagge in oerwinning te pakken yn de Earedifyzje. Yn en by FC Emmen waard it sneintemiddei 2-0 foar de thúsploech en sa bleaunen de trije punten yn Drinte.
© www.orangepictures.nl
FC Emmen makke dit seizoen syn debút yn de earedifyzje en wûn no foar twadde kear fan de Feansters. SC Hearrenfean spile miskien wol de minste wedstriid yn de karriêre fan de klup yn 'e earedifyzje. Der wiene in soad passes dy't net oankamen en ek in soad balferlies.

Emmen better

Yn it begjin fan de wedstriid wiene beide klups inoar noch wat oan it ôftaasten, mar al gau die bliken dat FC Emmen better yn it spul siet. De earste helte waard dan ek mei 1-0 yn it foardiel fan de Drinten ôfsletten troch in doelpunt fan Caner Cavlan yn de 40ste minút. Yn earste ynstânsje wist Hearrenfean-doelman Warner Hahn de bal tsjin te hâlden, mar Cavlan slagge der yn de rebound yn om de bal binnen te koppen.
Nei de rêst hiene de Feanster ek net folle yn te bringen, nettsjinsteande ferskate wiksels. Yn de 75ste minút ferdûbele Emmen de skoare mei opnij in goal fan Cavlan. Hearrenfean besocht yn de einfaze sa no en dan noch wat oan te fallen, mar dat wie allegear om 'e nocht.

Play-offs fier fuort

Mei dit 2-0 ferlies liket it heljen fan de play-offs no hiel fier fuort foar SC Hearrenfean.
FC Emmen - SC Hearrenfean 2-0 (1-0) 40. Caner Cavlan 1-0, 75. Caner Cavlan 2-0.
Opstelling Hearrenfean: Hahn, Schmidt, Høegh, Pierie, Woudenberg, Van Amersfoort, Rienstra (58. Thorsby), Vlap, Van Bergen (83. Hornkamp), Lammers, Mihajlovic (46. Johnsen).