FIDEO: Bern stride om plakje yn heale finale jeugdbrânwachtwedstriden

07 apr 2019 - 12:29

Jonges en famkes fan 21 jeugdbrânwachtploegen út Noard-Nederlân hawwe sneon yn Frjentsjer striden om in plakje yn de heale finale fan de lanlike jeugdbrânwachtwedstriden.

De ploegen moasten opdrachten útfiere as it útmeitsjen fan in brân of it rêden fan immen út in benearjende posysje. De jeugdploegen binne wichtich foar de takomst fan de brânwacht, om't dy grut ferlet hat fan nije frijwilligers.

(advertinsje)
(advertinsje)