Lichem fûn yn fiver yn Beetstersweach

Yn in fiver oan de Van Lyndenlaan yn Beetstersweach is sneintemoarn it lichem fan in âldere frou fûn. It lichem waard ûntdutsen troch foarbygongers.
© ProNews
De helptsjinsten waarden ynskeakele, mar it die bliken dat de frou al stoarn wie.
De plysje hat de omjouwing mei linten ôfset foar ûndersyk, mar giet net út fan in misdriuw.