Hurdfytser ferwûne nei botsing mei auto

In hurdfytser is sneintemoarn ferwûne rekke doe't er yn botsing kaam mei in auto op de Postlaan yn Drachten.
© De Vries Media
De man ried mei in groepke oare hurdfytsers op it fytspaad parallel oan de dyk. De automobilist woe ôfslaan en hat dêrby de hurdfytser nei alle gedachten oer de holle sjoen.
It slachtoffer is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.