Twa Fryske orkesten by de bêste trije fan Nederlân op it ONFK yn Drachten

07 apr 2019 - 07:54

De Fanfare Joost Wiersma út Jistrum en it orkest CMV Excelsior Skraard binne sneontejûn by de bêste trije fanfare-orkesten fan it lân einige op de Iepen Nederlânske Fanfare Kampioenskippen (ONFK) yn Drachten. Yn trije difyzjes kamen sneon fanfare-orkesten op it poadium om ferplichte wurken te spyljen.

Foto: Akkelien Reitsma

Fanfare Joost Wiersma, ûnder lieding fan Ido Gerard Kempenaar, en Excelsior Skraard mei dirigint Thom Zigterman wiene yn de earste difyzje de Fryske dielnimmers. Sy waarden twadde en tredde mei respektyflik 93 en 91 fan de 100 punten. Winner yn dy difyzje waard De Eendracht út Den Ilp.

De priisútrikking fan it ONFK yn Drachten

Yn de tredde difyzje dienen twa orkesten út Fryslân mei: De Bazuin Stynsgea en Wubbenus Jacoba fan Arum. De Bazuin pakte 87 fan de 100 punten en einige dêrmei op it tredde plak. Ek pakte it de priis foar de bêste saksofoanseksje. Wubbenus Jacoba behelle 82 punten en waard sânde. Winner fan dizze difyzje waard CMV Prins Hendrik Scheemda ûnder lieding fan de Fries om utens Gosse Reijenga.

It winnende optreden fan muzykferiening De Eendracht

Yn de twadde difyzje, dêr't Crescendo fan Winterswijk de winner wie, dienen gjin Fryske orkesten mei. Op de earste dei fan it ONFK wiene der freed gjin Fryske winners.

Foto: Akkelien Reitsma

It ONFK weromharkje?

Opnamen fan it ONFK binne ynkoarten werom te harkjen fia koperkanaal.nl en it YouTube-kanaal Omrop Fryslân Koperkanaal.

(Advertinsje)
(Advertinsje)