VC Snits mei ien foet yn finale kampioenspûl nei winst op Flamingo's

06 apr 2019 - 22:15

De follybalsters fan VC Snits hawwe sneontejûn thús ôfrekkene mei de Flamingo's út Gennep. Yn de Sneker Sporthal einige de wedstriid úteinlik yn in 3-1 oerwinning foar de Snitsers. De setstannen wiene 24-26, 25-19, 25-16 en 27-25.

Paul Oosterhof

Yn de earste set gie it lange tiid aardich lykop en diene beide ploegen neat foar inoar ûnder. Geandewei rûnen de gasten wat út en sloegen de Flamingo's in gatsje fan sa'n trije punten. Hoewol't de Snitser froulju noch weromkamen, pakten de Flamingo's mei 24-26 de earste set.

Snits op stoom

VC Snits rûn yn de twadde set al gau út nei tsien punten. De besikers wiene doe noch mar op 'e helte, mar slaggen der wol yn werom te kommen. De thúsploech wie dêrnei oppermachtich en pakte de set mei 25-19. Ek yn de tredde set pakten de Snitser froulju troch. Nei in 13-8 foarsprong gie de winst op oertsjûgjende wize nei it team fan coach Paul Oosterhof: 25-16.

Finale

Yn de fjirde set begûn VC Snits goed mar waard it noch spannend. De thúsploech krige as earste in wedstriidpunt, mar koene dy net fuortendaliks fersulverje. Doe't Snits 27-25 makke, wie it lykwols wol dien en liket de ploech goed op wei nei de finale fan de kompetysje.

Foto: VC Snits

VC Snits noch net 100% wis fan de finale

Om't konkurrint Set-Up '65 út Ootmarsum sneontejûn mei 3-0 yn sets ferlear fan Sliedrecht Sport, kinne de froulju fan VC Snits hast net mear ynhelle wurde. Sy binne dêrmei sa goed as wis fan it twadde plak yn de kampioenspûl en spylje dan de finale tsjin de nûmer ien Sliedrecht Sport.

As VC Snits nije wike snein tsjin Regio Zwolle ien set wint, dan is it wis fan de finale. Mar it kin ek sa wêze dat VC Snits kommende sneon al wis is fan de finale. As Set-Up '65 dy sneontejûn net mei 3-0 wint út by nûmer fjouwer Eurosped, dan sit VC Snits yn de finale.

Trefwurden: 
follybal VC Snits Flamingo's
(Advertinsje)
(Advertinsje)