LDODK net nei kuorbalfinale yn Ziggo Dome troch ferlies tsjin PKC

It is de kuorballers fan LDODK net slagge om de finale fan it lânskampioenskip te berikken. De twadde wedstriid tsjin PKC yn de 'best of three' waard sneontejûn ferlern: 23-25. Neidat de earste wedstriid ek al ferlern gie, is de ploech no útskeakele en sit it sealseizoen derop.
© Orange Pictures
Yn in tige sfearfolle sporthal Kortezwaag op De Gordyk begûn LDODK goed oan de wedstriid en skoarde Marjolein Kroon de earste twa doelpunten fan de wedstriid. De goeie start krige de rom 1300 oanwêzigen al betiid op de banken. Mei de tolfde man efter har giene de Gordyksters troch mei skoaren en gie de foarsprong nei 4-0. Nei fiif minuten koe ek de tsjinstanner foar de earste kear skoare en dêrnei waar de wedstriid spannender.

PKC komt werom

De ploech út Papendal kaam nei harren earste treffer better yn de wedstriid. Nei tsien minuten kaam PKC foar it earst op likense hichte: 6-6. PKC like dêrnei fan it fûle begjin fan de Gordyksters bekommen te wêzen en pakte net folle letter de foarsprong. In ôfstânsskot fan Olav van Wijngaarden sette PKC op in 7-8 foarsprong. Gau pakte PKC trije punten, mar LDODK rekke net yn panyk en koe wer weromkomme. Sa einige de spannende earste helte mei in heech tempo yn 15-15.
Femke Faber net nei kuorbalfinale yn Ziggo Dome
Friso Boode fan LDODK oer de wedstriid

Slitaazjeslach yn spannende twadde helte

Yn de twadde helte wiene der in stik minder doelpunten te sjen. PKC kaam op in 15-17 foarsprong troch twa doelpunten fan Van Wijngaarden. Tim Flokstra, Erwin Zwart en Femke Faber setten LDODK wer op in foarsprong: 18-17. De spanning waard grutter en grutter. Mei noch tsien minuten op de klok stie it 19-19.
© Orange Pictures
Yn de slotfaze waard dúdlik dat de spilers fan LDODK al harren enerzjy yn de wedstriid smieten. Earst wie it Marjolijn Kroon dy't in blessuerebehanneling nedich hie, en net folle letter lei Erwin Zwart mei kramp op de flier. Beide spilers koene fierder en stadichoan rûn de klok werom wylst de stân yn lykwicht bleaun. Mei fiif minuten te gean stie it 22-22.

Net nei de Ziggo Dome

Sa hie LDODK noch hieltyd de kâns om de beslissende tredde wedstriid út it fjoer te slepen. Mar it wie PKC dy't de wedstriid oan it ein nei harren ta luts. Se pakten in foarsprong fan 22-24, en nettsjinsteande in doelpunt fan Friso Boode, koe PKC dy foarsprong fêsthâlde. In raak skot fan Laurens Leeuwenhoek soarge foar de einstân fan 23-25.
Sa einiget in sterk seizoen fan de Gordyksters net yn de finale yn it Ziggo Dome, mar moat LDODK har holle bûge yn de heale finale fan de striid om it lânskampioenskip.
Oanfierder André Zwart fan LDODK