Drachtster motorrider rydt fierstente hurd en rekket rydbewiis kwyt

De plysje hat sneontemiddei it rydbewiis fan in 25-jierrige motorrider út Drachten ynfoardere. De man ried fierstente hurd oer de Turfloane yn Surhuzum en dêr kaam de plysje him op it spoar.
Rydbewiis en paspoart © Shutterstock.com
De man ried om trije oere sneontemiddei hinne mei 121 kilometer yn it oere oer de dyk, dêr't mar 60 kilometer tastien is. Dêrop waard syn rydbewiis ôfnommen.