Noppert mist wedstriiddart tsjin Adrian Lewis yn Barnsley

06 apr 2019 - 17:09

Danny Noppert fan De Jouwer is sneontemiddei yn Barnsley by de lêste sechstjin einige op it njoggende Players Championship fan dit jier. Yn in tige spannende wedstriid gie de 28-jierrige darter mei 6-5 ûnderút tsjin twafâldich wrâldkampioen Adrian Lewis.

Foto: Omrop Fryslân, Mats Gies

Beide manlju wiene yn foarm en de partij gie lange tiid lykop. Oant 5-5 wikselen Noppert en Lewis de legs ôf, mar doe't de Fries in wedstriidpylk miste, smiet Lewis út. De twa einigen opfallend mei itselde gemiddelde: goed 102.

Spannende dei

De wedstriden fan Noppert sneon wiene allegearre spannend. De darter wûn efterinoar fan Maik Kuivenhoven (6-5), Chris Dobey (6-5) en Kirk Shepherd (6-3).

Snein wurdt yn it Ingelske Barnsley it tsiende Players Championship hâlden.

(advertinsje)