Marit Bouwmeester twadde yn Palma de Mallorca

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten is yn de Laser Radial-klasse twadde wurden yn de medaljerace fan de Trofea Princesa Sofia yn Palma de Mallorca. Foar guon silers wie de race wichtich, om't it in kwalifikaasjemomint is foar de Olympyske Spelen yn Tokio.
Marit Bouwmeester twadde yn Palma de Mallorca
Bouwmeester hat har lykwols al pleatst. Foar har wie de race wichtich om te oefenjen mei de start en fansels om har te mjitten mei de wrâldtop. It wie in spannende race, mei weagen fan wol twa oant trije meter heech.

Tefreden

Olympysk kampioene Bouwmeester wie tefreden oer har wedstriid yn Palma de Mallorca. "Elkenien wie hjir oanwêzich, dus wy hawwe in wike lang goed sile kinnen. Wy hawwe hurd traind dizze winter en guon saken moatte noch wol byinoar komme. Mar oer it algemien bin ik wiis mei it twadde plak."