Sneonsfuotbal: Harkemase Boys wint yn Ermelo fan DVS'33

06 apr 2019 - 16:30

Fuotbalklup Harkemase Boys hat sneontemiddei de útwedstriid tsjin DVS'33 mei winst ôfsletten. De Harkiten, útkommend yn de tredde difyzje, wiene yn Ermelo mei twa doelpunten te sterk foar de thúsploech: 0-2. Yn deselde difyzje gie ONS Snits mei 2-4 ûnderút tsjin SteDoCo út Hoornaar. Yn de haadklasse ferlear VV Bûtenpost mei romme sifers fan Sparta Nijkerk (1-4).

Foto: Orange Pictures

It earste doelpunt foar de gasten fan De Harkema foel yn de 39ste minút. Henny Bouius skoarde fan tichteby mei de holle en soarge derfoar dat Harkemase Boys mei in foarsprong it skoft yn gie.

Yn de twadde helte begûn DVS sterk, mar letter waarden de gasten wer better. Yn blessueretiid ferdûbele Harkemase Boys úteinlik noch de skoare. Kevin Mennega makke dien wurk foar de ploech fan trainer Tieme Klompe.

Bûtenpost rom ûnderút

De besite fan VV Bûtenpost yn de haadklasse tsjin Sparta Nijkerk einige sneontemiddei yn in desepsje foar de Friezen. It waard 1-4 foar de thúsploech, dy't by skoft noch op likense hichte stie mei Bûtenpost.

Yn de twadde helte rûn Nijkerk út mei leafst trije doelpunten en kaam VV Bûtenpost net mear oan fuotbaljen ta.

SteDoCo te sterk foar ONS

Foar ONS wie it in teloarstellende middei op it Sudersportpark. De ploech ferlear mei 2-4 fan SteDoCo. By rêst wie it 2-3 foar de gasten en al gau soarge SteDoCo foar de beslissende goal.

(Advertinsje)
(Advertinsje)