Presintatrise Petra Possel ferruile de grutte stêd foar Gaast

Fjouwer jier lyn wie it klear. Radiopresintator Petra Possel hie it hân mei de grutte stêd. Se ferruile it drokke, jachtige Amsterdam foar de ultime rêst fan it eardere walfiskfardersdoarpke Gaast. Yn it doarp wenje mar twahûndert minsken; it wie it lytste doarp dat sy fine koe.
© Omrop Fryslân, Karen Bies
Oer dat hiele proses en hoe't it no is hat se in boek skreaun: De stad uit! Snein wurdt it presintearre yn Makkum. Yn it boek beskriuwt sy persoanen yn Gaast: de 'Grienteboer', de 'Sokkefrou' en de 'Zwaluwman'.

Waarm doarp

Possel wie fuortendaliks fereale op Gaast, benammen om't it sa ticht tsjin de Iselmardyk oan leit. Sy neamt it in waarm doarp; de bewenners libje mei syn allen om de tsjerke en it begraafplak hinne. Sy moast har der wol oerhinne sette om in boek te skriuwen oer de minsken dêr't sy mei libbet. Sy ferstiet it Frysk yntusken, mar prate wol noch net sa.
Petra Possel yn it radioprogramma Op en Ut
Ien fan de persoanen is Uulkje de Sokkefrou. Sy is troud mei Fokke en breidet op bestelling foar tsien euro tweintich sokken yn de kleur dy't je wolle. Uulke en Fokke neamt sy leave, hertlike minsken dy't fan alles yn it doarp op de hichte binne. Yn Gaast hat Petra it gefoel dat sy werom is by de yntimiteit fan de minsken en dat wie der net yn de grutte stêd.
© Omrop Fryslân, Karen Bies