Stijn Schaars mist FC Emmen, Daniel Høegh noch ûnwis

06 apr 2019 - 15:14

Stijn Schaars mist de wedstriid tsjin FC Emmen. De oanfierder fan Sportklup Hearrenfean foel yn de wedstriid tsjin Feyenoord fan ôfrûne tongersdei út mei in knibbelblessuere en hie der nei de wedstriid gjin lêst mear fan.

Hearrenfeancoach Jan Olde Riekerink seit dat se gjin risiko nimme wolle mei Schaars. "Twee wedstrijden in drie dagen, zijn zware blessure en het feit dat we op kunstgras spelen, speelt daarbij een rol."

Schaars trainde sneontemoarn net mei op it fjild, mar yn it krêfthonk. Olde Riekerink: "Stijn is belangrijk voor ons. Maar als ie na zo'n zware blessure weer een blessure , dan zijn we wel extra voorzichtig met hem. Dan speel je twee wedstrijden in drie dagen en ook nog eens op kunstgras, dat speelt ook mee".

Takomst fan Schaars

It is noch ûnwis oft Schaars nei dit seizoen bliuwt by Hearrenfean of miskien wol syn karriêre beëiniget. "Ik hoop uiteraard dat hij doorgaat", sa seit Olde Riekerink. "Stijn is een uitstervend ras. In die zin dat hij een oudere speler is, die belangrijk is voor andere spelers in de coaching. Een verlengstuk van de trainer."

Mar ek Olde Riekerink wit net hoelang't Schaars noch trochgiet. "We gaan daar binnenkort eens rustig over praten."

Foto: Orange Pictures

Ek Daniel Høegh foel tsjin Feyenoord út mei in blessuere. Neffens Olde Riekerink hat de Deen sneontemoarn meitraind en sille se letter sneon beslisse oft hy meidwaan kin tsjin FC Emmen. De ferdigener hat lêst fan syn hamstring. Syn logyske ferfanger is Ibrahim Dresevic. Schaars sil nei alle gedachten ferfongen wurde troch Yuki Kobayashi.

Fermoedlike opstelling: Hahn, Hornkamp, Dresevic (Høegh), Pierie, Woudenberg, Kobayashi, Rienstra, Vlap, Van Bergen, Lammers en Johnsen.

De wedstriid begjint snein om 12.15 oere en is live te folgjen op Omrop Fryslân Radio. Kommentator is Roelof de Vries.

(advertinsje)
(advertinsje)