Skea oan auto troch eksploazje yn Koatstertille
In eksploazje by in auto hat freedtenacht foar skea en skrik soarge yn Koatstertille. Bewenners fan de Klaproas skrokken om fjouwer oere wekker troch de klap. Dêrnei seagen se in skansearre auto yn de strjitte stean.
De Forensische Opsporing fan de plysje hat sneontemoarn neier ûndersyk dien nei de eksploazje. De oarsaak is noch net bekend.