Fertraging en oerlêst foar ferkear troch wurk oan Fryske diken

06 apr 2019 - 14:10

Der wurdt hurd wurke oan de diken yn Fryslân sneon en dat soarget foar in soad oerlêst en fertraging. Sa leit de A32 fan It Hearrenfean nei Ljouwert der út. Der komt in nije laach asfalt op en as it goed giet is de dyk aanst hobbelfrij.

Yn Ljouwert is ien fan de belangrykste diken de stêd út ôfsletten. It giet om it Escher-akwadukt. Ek dêr wurde reparaasjes dien oan de dyk, seit projektlieder Johan Poelsma fan boubedriuw Heijmans.

Takom wykein giet de oare kant ticht. Dan kinne je dus net fan Drachten ôf troch it akwadukt Ljouwert binnen ride. Dat jildt ek foar de A32, mar dan pas fan 17 maaie ôf. De dyk giet takom moanne dan ek ticht fan Ljouwert nei It Hearrenfean.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
(advertinsje)