UPDATE: Twa ferwûnen by botsing tusken auto en camper by Jirnsum

In auto en in camper binne sneontemoarn mei-inoar yn botsing kaam op de Bûtlânswei by Jirnsum. Dêrby binne twa minsken slim ferwûne rekke. De brânwacht hat se út de auto helle en se binne nei it sikehûs brocht.
Botsing tusken auto en camper
De ynsittenden fan de camper, twa minsken út Eastenryk, rekken licht ferwûne. De helptsjinsten rieden massaal út en der wie ek in traumahelikopter oanwêzich foar medyske help.
De oarsaak fan it ûngelok wurdt ûndersocht.
© CAMJO media