Sussen fan Fryske sekstoerist yn Nepaleeske finzenis ferfolge yn Nederlân

06 apr 2019 - 12:29

De susters fan de bernepsychiater út Makkingea, dy't fêstsit yn Nepal foar it misbrûk fan twa jonges, sille troch it Iepenbier Ministearje yn Nederlân ferfolge wurde. De froulju fan 78 en 79 jier wurde derfan fertocht dat sy besocht hawwe de strafsaak fan harren broer te beynfloedzjen.

Foto: Wikimedia Commons

Sy soene in slachtoffer en syn famylje jild bean hawwe om belestende ferklearringen yn te lûken. Ek soene sy yn Nederlan bewiismateriaal achterhâlden hawwe. Neffens it Lanlik Parket is it foar it earst dat minsken hjir foar de rjochter komme moatte foar beynfloeding yn in saak oer bernesekstoerisme.

De man út Makkingea hat in finzenisstraf fan 7 jier krigen foar it misbrûk. Hy is yn heger berop gien. De bernepsychiater waard yn juny 2018 op 'e die betrape yn in hotelkamer yn de Nepaleeske haadstêd Kathmandu.

(advertinsje)
(advertinsje)