Noardlike sikehuzen en ambulânsetsjinsten mei-inoar op syk nei personiel

06 apr 2019 - 11:32

Sikehuzen en ambulânsetsjinsten yn it Noarden sille tenei mei elkoar personiel oanlûke en opliede. Sa wolle se der foar soargje dat de sikehûssoarch yn Fryslân, Grinslân en Drinte ek yn de takomst op peil bliuwt.

In sikehûsbêd - Foto: Shutterstock.com

Der is in grut tekoart oan minsken yn de soarch en as der neat gebeurt, komt der hieltiten minder goed oplaat personiel. De sikehûzen en ambulânsetsjinsten fine dat se sels in ferantwurdlikheid ha, om dat probleem oan te pakken. Se wolle mei de opliedingen gearwurkje om it ûnderwiis te fernijen. Dat is nedich omdat de soarch hieltiten feroaret.

It giet om njoggen sikehûzen en trije ambulânsetsjinsten yn it Noarden dy't yn gearwurking de problematyk oanpakke wolle. Dêrfoar ha se freed in yntinsjeferklearring ûndertekene en der is ek in spesjale webside de loft yngien: zorgvoorhetnoorden.nl.

Rappere spesjalisaasjes

Neffens Jelle Prins, haad opliedingen by it MCL yn Ljouwert is der benammen driuwend ferlet fan operaasje-assistinten en anestesybegelieders. Foar de kommende jierren wurdt it in útdaging om genôch berneferpleechkundigen en onkologyferpleechkundigen te krijen. Prins tinkt dat rappere spesjalisaasje-opliedingen in oplossing wêze kinne foar de krapte op de arbeidsmerk.

Jild moat dêrby lykwols net it útgongspunt wurde, fynt Prins. "Geld speelt daar zeker ook een rol bij, maar de nood en urgentie zijn wel zodanig hoog dat we ook met elkaar hebben afgesproken in Zorg voor het Noorden dat geld hierbij vooralsnog ondergeschikt moet zijn. Natuurlijk kost de opleiding geld, maar het is investeren in de zorg en investeren in de toekomst voor de zorg. En ja, dat mag ook wat kosten."

Jelle Prins, haad opliedingen by it MCL

(Advertinsje)
(Advertinsje)