Tallship Wylde Swan op ekspedysje nei poalsirkel: "Voor families en andere avonturiers"

It Fryske skip Wylde Swan is ien fan de trije skippen dy't takom jier mei-inoar nei de poalsirkel sile wolle. Mei in Noarsk en in Nederlânsk skip is der in opset makke foar in ekspedysje lâns de Noarske kust fan Oslo nei Harstad, dat boppe de poalsirkel leit.
Wylde Swan nei Poalsirkel
Delegaasjes fan de trije skippen besprekke de plannen by sylskoalle Pean, tusken Nes en Grou. De ekspedysje nei de poalsirkel moat yn juny 2020 plakfine. "Het mooie is dat iedereen mee kan", seit Christophe Meijer fan de Wylde Swan. Elkenien dy't oan board komt, krijt de earste dagen syltraining.
Oer it waar hoege de minsken net yn te sitten. "Aan de Noorse kust kun je er voor kiezen om met slecht weer binnen de fjorden te blijven, dus dan heb je niet zo'n last van de zee", fertelt Meijer. "En als het wat rustiger weer is, kun je echt gaan 'oceaanrijden'."

Ynternasjonaal

De ekspedysje is bedoeld foar de hiele ynternasjonale merk. Meijer: "We gaan ook zorgen dat agenten in Azië, India en Amerika onze reizen gaan verkopen. Ook voor families en andere avonturiers."
© Facebook, Tall Ship Wylde Swan
Samar in toeristysk tripke wurdt it neffens Meijer net. Der is nammentlik ek omtinken foar serieuze ûnderwerpen. "Zaken als klimaatveranderingen komen echt recht in je gezicht, want je vaart voor een deel door de plastic soep heen. Je komt echt tegen dat er rommel in zee ligt", sa seit Meijer.
"Je komt in de fjorden uit waar men heel streng is op het lozen van afvalwater, dus daar wordt iedereen heel bewust van de omgeving en daar besteden we dan ook aandacht aan."
© Wylde Swan
Christophe Meijer fan de Wylde Swan