Kollum: "Maagbandje"

"Stel jo wolle in board patat mei ien frikadel keapje. Dat moat eins gjin probleem opsmite, of wol? No, soms leit de saak wat mear komplisearre. Yn België bygelyks. Dan moatte jo in doktersferklearring toane kinne.
Ferdinand de Jong © Omrop Fryslân
De Toan fan Ferdinand de Jong
Ik besef dat dit in kryptysk begjin fan de kollum is, sa op sneontemoarn. Ik sil it jim útlizze. De frou en ik ha ferline wike twa kear nei België west. Dat kaam, omdat de iishockeyers fan It Feen, de Flyers dus, yn de finale sieten fan de Beneliga. Harren tsjinstanner wie it Belgyske Herentals. Dat is in stêd mei 28.000 ynwenners en leit flak oer de grins, skean ûnder Eindhoven. It stadion is net in iishal, mar in grutte tinte dy't yn it Netepark leit, ferneamd nei de rivier de Nete. Prachtich moai en sa, mar de Flyers ferlearen en dat wie jammer. Mar dêr giet dizze kollum net oer.
As je sa'n ein yn de auto ride, krije je op in gegeven momint sin oan wat. In soad minsken sykje dan ergens in peal mei in grutte M der op, mar as it heal kin sla ik dy oer. Flak foar Herentals seagen wy in benzinepomp mei in restaurant der by. Krekt wat, even nei de wc en in hapke ite. Ik bestelde in board patat mei in frikadel. Myn frou naam itselde.
De jongedame achter de toanbank seach wat om har hinne oft ien ek seach wat se die en knikte doe skruten. As wie it net ynoarder. Mar we krigen ús iten en dat smakke prima. Ik hie ferjitten om mayonêze te pakken, dus krige ik dat fergees fan de meiwurkster. Omdat it prima smakke, joech ik har in foai dêr't de mayo ek daliks mei betelle wie. It wie net in kulinêr hichtepunt, dat besef ik. Mar fierder wol goed.
In dei as wat letter wienen we der wer. De finalewedstriid wolle je net misse, dus noch in kear nei it suden. De pomp lei der noch krekt sa hinne, allinnich wie der in oare meiwurkster. Ik bestelde itselde as de foarige kear. In board patat mei in frikadel. De frou skodholle. "Dat mag ik u niet geven", sei se. "Bij een bord patat horen twee frikadellen."
Ik sei dat ik oan ien frikadel wol genôch hie, mar se wie net om te praten. As jo in board patat mei in frikadel bestelle wolle, krije jo twa, sei se fêstberet. "Tenzij u een doktersverklaring kunt overleggen waarop staat dat u een maagbandje draagt."
Jim sille it net leauwe, mar it is gjin ien april mear. Yn folle earnst stie dy frou ús te fertellen dat se ús gjin ien, mar twa frikadellen jaan moast. Doe't ik nei myn krekt wat te grouwe liif wiisde en sei dat it mei ien wol ta koe, lake se net. "Ik heb de regels niet gemaakt. U kunt wel extra patattekes bestellen", heakke se der oan ta. Ik seach de frou oan en we skodhollen tagelyk. Apart folkje, dy Belgen.
Doe ha wy it menuboerd nochris goed besjoen en in plan makke. We bestelden in board patat mei seis lytse gehakbaltsjes. En in bakje ekstra patat. De frou seach fan de iene nei de oare. "Dat was het? Eén patat met ekstra patat met ballekes in tomatensaus?"
Ik knikte. Se seach ús om beurten nochris tige wantrouwend oan, mar we dienen neat bûten har boekje, dus moast se de bestelling wol akseptearje. Wy hienen elk dus trije gehakbaltsjes en patat, plus in ekstra bakje. Moai genôch foar twa. Krekt as de foarige kear smakke it wer prima, mar de neismaak wie hiel nuver. Dizze lêste kear ha ik gjin foai jûn.
Ik snapte no wol wêrom't de jongedame fan in dei as wat earder sa om har hinne seach, foardat se ús tsjin alle besteande Belgyske benzinepompregels yn ien frikadel de persoan joech. Wat in held."