Mear omtinken foar feilich swimme yn see en binnenwetters

06 apr 2019 - 08:15

Der moat mear omtinken komme foar it swimmen yn see en yn binnenwetters. Dat seit Reddingsbrigade Nederland nei útkomsten fan in tal ûndersiken dat oer dit tema publisearre is, yn it ramt fan it projekt NL Zwemveilig.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Alle jierren ferdrinkt der in grut tal minsken yn iepen wetter en ek fernimt de rêdingstsjinst dat der noch hieltyd in protte minsken yn de problemen komme by it swimmen yn iepen wetter.

Ut befiningen fan tafersjochhâlders docht bliken dat minsken net goed op de hichte binne fan de risiko's fan swimme yn iepen wetter. En by in part fan de swimlokaasjes is it net dúdlik wa't dêr ferantwurdlik is foar de feiligens en wurde der dêrom te min maatregels troffen om de feiligens te fergrutsjen.

De rêdingsbrigade is bliid dat der lang om let ûndersyk dien wurdt nei hoe't de feiligens by it swimmen yn see en yn binnenwetters ferbettere wurde kin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)