Ombudsteam Wyb en Jan helpe âlderen yn de jungle fan de soarch

06 apr 2019 - 07:33

Se wiene de nestors yn de polityk. Wyb Feddema fan de VVD en letter Gemeentebelangen en Jan van Olfen fan de PvdA en letter Feriene Lofts. Yn it post politike tiidrek binne se no tegearre mei in ombudsteam begûn. Om benammen âldere minsken yn Ljouwert te helpen it paad te finen yn de jungle fan de soarch.

Foto: Wyb

Se komme faak skrinende gefallen tsjin. Neffens de manlju kinne âlderen faak troch de beammen de bosk net mear sjen as se soarch nedich hawwe. Boppedat is hast alles digitaal. Oft it no giet om taksyferfier of húshâldlike help, it is bytiden betiizjend.

De âld gemeenteriedsleden wurken op guon saken ek yn de polityk al gear. Sa hâlden se harren dwaande mei pesten.

Tsientallen minsken holpen

Der is wol ferlet fan it ombudsteam. Se helpe alle moannen sa'n 80 minsken op wei yn de wirwar fan regels en saken op it mêd fan soarch. Faak is dat efkes it goeie loket of telefoannûmer mar somtiden ek swierdere saken.

De kommunikaasje tusken de ferskate ynstânsjes kin neffens de ombudsmannen folle better. Faak witte de amtners ek net hoe't it krekt sit en feroaret der ek alle twa jier wol wer wat seit Feddema. Yn dy jungle manoeuvrearje de Ljouwerter Ombudsmanlju, om't se beiden fine dat elk krije moat dêr't hy of sy rjocht op hat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)