Trainer René Hake oer ferlies Cambuur: "We zijn er afgepoetst"

05 apr 2019 - 23:30

Cambuur ferlear freed mei 4-2 fan Telstar. Yn Velsen-Zuid stienen de Ljouwerters by skoft al 3-0 efter en hellen dat net mear yn. Trainer René Hake wit net hoe't it safier komme koe.

Trainer René Hake oer ferlies Cambuur

"We zijn er afgepoetst", seit trainer René Hake oer de earste helte tsjin Telstar. "Dat heeft niks met voetbal te maken, maar met houding en instelling. Dat is heel frustrerend."

"Ik heb in de rust wel even duidelijk gemaakt dat dit niet zo kan, maar dat draai je niet meer terug. Je kan er wel lang bij stil blijven staan, maar het gaat er uiteindelijk om dat we de tweede helft wel proberen om er iets van te maken." Yn de twadde helte makke Cambuur noch twa doelpunten, mar it wie net genôch om noch werom te kommen yn de wedstriid.

"Gisteren hebben we prima getraind, dus als het gemakzucht er ingeslopen is, moet dat tijdens het eten of in de bus gebeurd zijn", sa analysearret Hake nei ôfrin fan de wedstriid. "Het begint bij agressief spelen, erbovenop zitten en de poot strekken als dat gevraagd wordt. Er waren vijf minuten dat we dat deden en dat het ergens op leek, maar dat was dan het ook wel."

Keeper Xavier Mous oer ferlies Cambuur

Neffens doelman Xavier Mous fan SC Cambuur gie it fan it begjin ôf oan al mis. "Ballen missen, duels niet aangaan, überhaupt niet eens op tijd komen voor duels en daarmee is eigenlijk de toon voor in ieder geval de eerste helft gezet en dat was ver beneden de maat."

It ferskil mei ôfrûne moandei, doe't Cambuur in 6-0 meunsterskoare tsjin Jong Ajax delsette, wie gigantysk. Neffens Mous lei dat net oan de fuotbalkwaliteiten fan de spilers, mar foaral oan hâlding en ynset. De eksakte reden wit er lykwols net. "Ik denk dat we dit seizoen heel veel wisselvallige wedstrijden hebben gespeeld en dat is iets wat frustreert. Maar ook wel heel lastig om de vinger op de zere plek te leggen, waar dat nou precies door komt."

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal René Hake
(Advertinsje)
(Advertinsje)