Gjin Fryske winners op earste dei ONFK

De earste dei fan de Iepen Nederlânske Fanfare Kampioenskippen hat gjin Fryske winner opsmiten. Freedtejûn wiene der acht fanfare-orkesten dy't yn twa difyzjes it ferplichte wurk spilen op it ONFK. Dit hele wykein wurdt der noch striden om Nederlânske titels.
Crescendo Hijum Finkum © Akkelien Reitsma
Yn de fiifde difyzje waard Nil Sine Labore fan Boerakker as winner útroppen troch de trijekoppige sjuery. Twadde, mei 87 fan de 100 punten, waard Crescendo Hijum Finkum ûnder lieding fan Wim Dijkstra. De Vrije Fries Ald- en Nijehoarne, mei dirigint Syde van der Ploeg behelle 85 punten.
Yn de fjirde difyzje waard Fanfare Helpt Elkander Afferden de winner mei 85 fan de 100 punten. Concordia fan De Gaastmar behelle ûnder lieding fan Guus Pieksma 81 punten.
Sneontemoarn fan 10:00 oere ôf set de tredde difyzje útein, folge troch de twadde en jûns is de earste difyzje oan bar.
Yn totaal dogge 27 orkesten út hiel it lân en België mei. Alles is live te folgjen fia www.omropfryslan.nl en de app fan de Omrop.