Mei tûzenen troch Ljouwerter gebouwen rinne: midnightwalk grut sukses

05 apr 2019 - 22:50

Mar leafst 7500 minsken diene freedtejûn mei oan de midnightwalk, in kuiertocht fan alve kilometer troch Ljouwert hinne. De dielnimmers rûnen dêrby dwers troch allerhande gebouwen hinne, dy't oars ticht binne foar it publyk, of wêr't se yn alle gefallen net samar komme. Foar dejinge dy't de tocht swier fûn wie der genôch ôflieding: muzikanten, toaniel of minsken dy't útlizze wêr't de dielnimmers op dat stuit trochhinne rinne.

"Wêr't ik hiel entûsjast oer bin, en ik wol net ien tekoart dwaan, mar wy gean dwers troch de Swette!" De foarsitter fan de midnightwalk, Klaas Akkerman, glunderet der hast oer as er fertelt oer de tocht fan freedtejûn. "Al dy bedriuwen dêr dogge mei, en wy komme dêrmei troch fabriken en gebouwen dêr't oars nea ien komt. Dat is toch prachtich?"

It evenemint wurdt foar de fiifde kear organisearre en dizze edysje is fierwei de grutste kwa tal dielnimmers. Eins soe de kuiertocht al yn septimber organisearre wurde, mar doe wie it waar sa min dat it ôfsein wurde moast. Dat it no dochs trochgong fine kin, fynt Akkerman fantastysk.

Mooglik lêste kear

Nettsjinsteande it grutte sukses, soe it neist de grutste ek wolris de lêste kear wêze kinne. It organisearjen fan de tocht hat in soad fuotten yn de ierde en de organisaasje fynt it nei fiif kear wol moai west. Wol hopet Akkerman dat it evenemint in trochstart meitsje kin mei in nij bestjoer: "Der binne wol petearen links en rjochts, en wy hawwe der fertrouwen yn dat ien it oernimt."

Mei tûzenen troch Ljouwerter gebouwen rinne: midnightwalk grut sukses

Harkje nei in reportaazje oer de Midnightwalk

(Advertinsje)
(Advertinsje)