Oranjefroulju witte wer wat it is om te winnen

05 apr 2019 - 22:07

De Oranjefroulju, mei dêrby yn de basis Sherida Spitse en op de bank Loes Geurts, hawwe freedtejûn mei 2-0 wûn fan Meksiko. Vivianne Miedema en Lieke Martens makken al foar rêst de doelpunten.

Sherida Spitse tsjin Slowakije yn it Abe Lenstra Stadion - Foto: www.orange-pictures.nl

De ploech fan bûnscoach Sarina Wiegman koe wol wer in oerwinning brûke, nei de minne resultaten fan in moanne lyn by de Algarve cup. De fuotbalsters ferlearen doe twa kear, en kamen allinnich tsjin Sina (1-1) ta skoaren. Yn Spanje hat Wiegman ferskate saken oars besocht, mar freed tsjin Meksiko waard in grut part fan it âlde team fan it EK yn 2017 wer opsteld. Mei sukses.

It Nederlânsk frouljusalvetal, dat op dit stuit sânde stiet op de wrâldranglist, spile op wei nei it WK yn Frankryk foar it earst yn de skiednis in ynterlân yn it GelreDome yn Arnhem. Sa'n 25.000 minsken hiene in kaartsje kocht foar de wedstriid.

(Advertinsje)
(Advertinsje)