Drachtster Boys dinderje oer Avanti hinne yn Fryske derby

05 apr 2019 - 22:00

De Fryske derby yn de earedifyzje sealfuotbal is in proai foar Drachtster Boys. De ploech hat gjin muoite mei Avanti út Stiens en wint úteinlik ienfâldich mei 5-0.

Jessie Prijs (l) en Tessa Grashuis (r) - Foto: www.dijksfotografie.nl

De wedstriid is noch mar krekt úteinset of de Drachtster Boys steane al op in 3-0 foarsprong. Mei twa goals fan Aruni Westerhout en in doelpunt fan Anita Vellema wit de ploech út Drachten de thúsploech yn inkele minuten fan it fjild te spyljen. Nei dy earste stoarm, komt de wedstriid better yn balâns. Avanti krijt ek goeie kânsen om doelpunten te meitsjen, mar ûnder oare de keepster fan de Drachster Boys, Anna Reitsma, docht goed wurk om har doel skjin te hâlden.

Yn de twadde helte kinne de Drachtster Boys der sels noch 4-0 en 5-0 fan meitsje. Avanti komt kwa doelpunten net mear yn it ferhaal foar.

Neikompetysje en play-offs

It is foar Avanti de lêste wedstriid fan de kompetysje, hjirnei spylje de Stienzers neikompetysje. De Drachtster Boys stride noch foar in plakje yn de play-offs. Hjirfoar moatte se by de earste fjouwer einigje.

(advertinsje)
(advertinsje)