Cambuur hurd ûnderút op besite by Telstar

05 apr 2019 - 21:56

Sportklup Cambuur hat freedtejûn in minne jûn hân. Yn de útwedstriid tsjin Telstar komt de ploech fan trainer René Hake al yn de earste helte mei 3-0 achter. Yn de twadde helte wurdt der noch wol skoard troch de Ljouwerters, mar se moatte úteinlik nei in 4-2 ferlies, sûnder punten nei hûs.

Cambuur hurd ûnderút op besite by Telstar

Cambuur begjint de wedstriid fuort striemin, en krijt yn de sechde minút al in penalty tsjin. Robbert Schilder makket de oertrêding, wêrnei't de bal op de stip giet, en Terell Ondaan de 1-0 op it skoareboerd sette kin. Telstar bliuwt dêrnei de sterkere ploech, en wit ek de 2-0 al flot dêrnei tsjin de touwen te sjitten. It is Sven van Doorm dy't yn de 20ste minút de foarsprong foar de thúsploech fierder útbout.

It bliuwt dêrnei in striid foar de Ljouwerters, en de thúsploech krijt meardere kearen in goeie kâns om de stân op 3-0 te setten. Keeper Xavier Mous let lykwols goed op, en kin rêding bringe. Oant de 42ste minút, want dan kin Frank Korpershoek de 3-0 meitsje. It doelpunt komt nei in corner, wêrby't de ferdigenjende middenfjilder de bal noch tikje jaan kin om te skoaren.

Op jacht

Yn de twadde helte giet Telstar gewoan fierder dêr't it krekt foar it skoft bleaun wie. Noch gjin acht minuten nei de ôftraap leit de bal alwer yn it Ljouwerter net. Lopes Cabral is de doelpuntemakker. De thúsploech is libbensgefaarlik yn de omskeakeling, en Cambuur wit der kear op kear neat tsjinyn te bringen. Oant de 57ste minút. Sam Hendriks kin op dat stuit de bal mei in heale folly hurd achter de keeper fan Telstar sjitte. De stân komt dêrmei op 4-1, mei noch in dik healoere te spyljen.

Foto: www.orange-pictures.nl

Cambuur besiket it wol, en komt yn de 86ste minút ek noch werom op in 4-2 tuskenstân, troch in goal fan Matthew Steenvoorden. It is dan lykwols al te let om noch op jacht te gean nei in punt. De Ljouwerters moatte nei 90 minuten mei lege hannen de bus wer yn.

Telstar - SC Cambuur 4-1 (3-0). 6. Terell Ondaan 1-0, 20. Sven van Doorm 2-0, 41. Frank Korpershoek 3-0, 53. Rodny Lopes Cabral 4-0, 57. Sam Hendriks 4-1, 87. Matthew Steenvoorden 4-2.

Opstelling SC Cambuur: Mous, Van Wermeskerken, Steenvoorden, Mbende (46/ Kallon), Sambissa (46/ Van Kippersluis), Jansen, Schilder, Maulun (76/ Bangura), Ciganiks, Hendriks, Robertha.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)