Kuiertocht fan Loop Leeuwarden giet dizze hjerst net troch

De kuiertocht fan Loop Leeuwarden giet dizze hjerst net troch. De organiserende stichting, Gezonde Stad Leeuwarden, hat dat freed bekendmakke.
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Gezonde Stad Leeuwarden krijt de organisaasje foar de kuiertocht net rûn. Se diele it nijs op harren Facebookside.
It hurdrinevenemint Loop Leeuwarden kin op 19 maaie wol gewoan trochgean. Nei dy datum wol de organisaasje sjen hoe't se de kuiertocht yn 2020 wol wer foarinoar krije kinne.
© Omrop Fryslan