Sherida Spitse huldige foar nij rekôr

Sherida Spitse fan Snits is freedtejûn foarôfgeand oan de oefenynterlân tsjin Mexico huldige. De spylster fan Oranje is de nije rekôrinternational. Se lost Annemieke Kiesel-Griffioen ôf.
© Orangepictures
Spitse hat no 159 ynterlâns spile, en makke dêryn 30 doelpunten. De middenfjilder krige foar har prestaasje in oantinken út hannen fan Jan Dirk van der Zee, de direkteur fan it amateurfuotbal fan de KNVB. Njonken Spitse waard ek ploechgenoat Lieke Martens huldige. Sy spile freed har 100ste ynterlân.
De beide froulju waarden noch tasprutsen troch Rafael van der Vaart. Yn in fideoboadskip sei er tsjin Spitse: "Een fantastische mijlpaal, 159 interlands. De EK-finale in 2017 was het hoogtepunt. Maar stiekem hoop ik dat er op het komende WK in Frankrijk een nóg mooiere wedstrijd bijkomt."