Friezen foar de rjochter om dongfraude

Boeren mei in oerskot oan dong hawwe dat 'op papier' útriden oer boarterstunen en hobbygreiden fan oaren. Dat meldt RTL Nieuws op basis fan in rjochtsaak oer de kwestje, yn Zwolle. De boeren brûkten de perselen om harren dongadministraasje op oarder te krijen. De dong waard net echt op dy stikken lân útriden, en de eigeners fan de perselen wisten fan neat.
© ANP
De boeren besparren mei de frauduleuze administraasje inkele tonnen, sa seit it Iepenbier Ministearje. Trije boeren en ien organisator moasten harren freed foar de rjochter yn Zwolle ferantwurdzje foar har kreative boekhâlding.
It tal kij dat in boer hâlde mei, hinget ôf fan it lânopperflak dat hy as sy hat. Tefolle dong op in stik grûn útride hat miljeurisiko's ta gefolch, en dus binne der strange regels.

Fryske organisaasje

Neffens it Iepenbier Ministearje gie de organisator fan de fraude, Hotze H. yn Fryslân op syk nei gerslân dat noch net brûkt waard foar it útriden fan dong. Hy kaam út by lytsere stikken grûn, dy't er oanbea oan trije boeren mei in dongoerskot.

"Het is hondsbrutaal"

In dupearre hynstehâlder út Frjentsjer hat gjin goed wurd oer foar de konstruksje. Sa seit er tsjin RTL Nieuws: "Wij wisten van niks, het is hondsbrutaal. Ze hebben mijn land gebruikt zonder dat te vragen. Ik kwam erachter toen ze bodemmonsters kwamen nemen. Ik heb toen aangifte gedaan. Toen hoorden we dat er al meer zaken speelden."
Neffens it Iepenbier Ministearje is der in grutte stream oan dongsaken, en is it eins in kwestje fan dweile mei de kraan iepen. "Er wordt op grote schaal gefraudeerd en daar moet wat aan gebeuren. Het is niet genoeg om alleen het strafrecht in te zetten om dit soort fraude aan te pakken. Het moet minder makkelijk worden om te kunnen frauderen."