Bouwmeester pleatst har foar Medal Race fan Sofia Cup

05 apr 2019 - 19:59

Sylster Marit Bouwmeester hat har pleatst foar de Medal Race fan de Prinses Sofia Cup by Mallorca. Sy finishte freed as alfde en achttjinde en giet as fjirde de striid om de medaljes yn. Pieter-Jan Postma wie al útskeakele.

Foto: ANP

Pieter-Jan Postma einige as sechde en trettjinde yn de Finn-klasse. Hy wie lykwols al útskeakele foar de Medal Race en kin gjin punten helje foar de olympyske kwalifikaasje. Yn maaie falt by it EK yn Athene de beslissing wa't foar Nederlân nei de Olympyske Spelen mei. Postma hat noch konkurrinten, dy't graach syn plakje ynnimme wolle soene.

Bouwmeester, dy't sylt yn de Laser Radial klasse, ferlear wol twa plakjes yn it klassemint fan de Sofia Cup en giet as fjirde de Medal Race yn. Sy is al wis fan in ticket foar de Olympyske Spelen.

(advertinsje)