Portret: Femke Faber is 24 jier, en wol no al ophâlde mei topsport

05 apr 2019 - 19:14

Se is krekt 24 jier, mar dochs set se al in punt achter har topsportkarriêre. Kuorbalster Femke Faber fan De Gordyk fynt it nei 17 jier spyljen by LDODK tiid foar nije saken. De fysioterapeut yn oplieding wol de wrâld oer en avontueren belibje, en foaral net mear fêst sitte oan it strakke ritme fan traine, spylje, en wurkje. Sneon spilet de topskutter fan LDODK har lêste wedstriid yn sporthal Koartsweagen.

Repo FH Portret Femke Faber LDODK

Femke Faber fan De Gordyk spile yn Oranje ûnder de 16 doe't se in swiere knibbelblessuere krige. Nei in lange refalidaasje kin se mei in knibbelbrace dochs op it heechste nivo spylje by LDODK 1. It Nederlânsk team siet der net mear yn, mar miskien de Nederlânske titel noch wol.

Ferslachjouwer Freark Wijma socht de fysioterapeut yn oplieding op by refalidaasjesintrum Anna Schotanus, har staazje-adres yn Hearrenfean.

Femke Faber sjocht yn de reportaazjes werom op har prachtige kuorbaltiid by LDODK, mar se sjocht ek foarút op de klimaks fan it seizoen, en leit út wêrom 't se in punt efter har topsportkarriêre set:

Portret Femke Faber LDODK

Heale finale LDODK is 'Wedstriid fan de Wike'

LDODK wol graach skiednis skriuwe en foar it earst yn de histoarje de kuorbalfinale yn de Ziggo Dome behelje. De earste wedstriid tsjin PKC waard ôfrûne sneon kânsleas ferlern. Om in beslissende tredde wedstriid ôf te twingjen, moatte de Gordyksters sneon winne fan PKC. It is de 'Wedstriid fan de Wike' by Omrop Fryslân.

Yn de 'Wedstriid fan de Wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)