LIVE: It ONFK yn Drachten

Yn de Lawei yn Drachten wurdt dit wykein troch 27 fanfare-orkesten mei sa'n 1175 muzikanten striden om de titel fan Iepen Nederlânsk Fanfare Kampioen. Oer fiif ferskate difyzjes wurde de prizen ferdield. De 'Open Nederlandse Fanfare Kampioenschappen' (ONFK) binne live te folgjen by Omrop Fryslân.
Freed wie de earste dei, mei de 5e difyzje en 4e difyzje. Sneon 6 april begjint de live-útstjoering om 10.00 oere mei de 3e difyzje, folge troch de fanfaren yn de 2e difyzje (15.00) en as lêste de striid om de prizen yn de 1e difyzje (19.00).
Mear ynformaasje oer de dielnimmers en de wurken dy't spile wurde, is te finen op Onfk.nl.

Koperkanaal

By it konkoers wurde ek opnamen makke foar it fideokanaal en de audiostream Koperkanaal fan Omrop Fryslân. Koperkanaal is der spesjaal foar leafhawwers fan de muzyk fan harmony, fanfare en brassband.
Koperkanaal bestiet út livestreams fan HaFaBra eveneminten lykas it ONFK, it fideokanaal op Youtube, de audiostream Omropfryslan.nl/koperkanaal en it radioprogramma Koperkanaal FM (alle sneinen tusken 6.00 en 8.00 oere op 'e radio).