Fiif fertochten oanhâlden fanwegen himpkwekerij Grou

De plysje hat tongersdei oan de Oostergostrjitte yn Grou in himpkwekerij oprôle. Yn de wenning trof de plysje goed 16,9 kilo oan himp oan. Ek die bliken dat de himpkwekers stroom stellen hiene. De plysje hat fiif fertochten oanhâlden.
Argyfbyld © Politie.nl
Nei oanlieding fan klachten en tips foel de plysje de wenning yn Grou binnen. Dêr ha se fiif mannen oanhâlden. In 31-jierrige man út Den Haach, trije mannen fan 34, 28 en 27 út Emmeloard en in 48-jierrige ynwenner fan Grou.
De plysje docht fierder ûndersyk.