In wike lang mantelsoarch: "Alle omtinken hat goed útpakt"

05 apr 2019 - 17:00

Ien wike lang hat Omrop Fryslân oandacht hân foar mantelsoargers en wat der is oan stipe yn Fryslân foar dizze grutte groep minsken. Alle ferhalen kamen foarby: jonge, frijwillige of betelle mantelsoargers. Inisjativen as in soarchappartemint, in mantelsoarchkafee en in spesjale byldhoukursus foar mantelsoargers. Tiid om werom te sjen op dizze mantelsoarchwike.

"Het is goed uitgepakt, de week van mantelzorg", seit Willeke Philips fan Saar aan Huis, in organisaasje foar betelle mantelsoarch. Der hat in soad omtinken west. Neffens Philips heart mantelsoarch by it libben. Foar de measte minsken wurdt it yn de takomst nei alle gedachten in stikje fan it libben en dan is it foaral de keunst om it op in goede manier fol te hâlden. Troch alle omtinken koene minsken foarbylden sjen fan oaren en sjen hoe't sy mei mantelsoarch omgean.

Eigen ûnderfining ynsette om oaren te helpen

Philips wie sels ek te sjen yn in bydrage oer de mantelsoarch foar har soan Tom. Hy hie in stofwikselingssykte, wêrtroch't er net mear selsstannich funksjonearje koe. Tom ferstoar yn 2011 doe't er acht jier âld wie. Philips krige in soad reaksjes op dy bydrage. "Mensen vonden het ook mooi dat ik op dit moment die ervaring benut om andere mensen die het moeilijk hebben met die mantelzorg om die te ondersteunen en te helpen op een positieve manier."

Het wordt steeds zwaarder en zorg er dan maar eens voor dat je het vol blijft houden op een goede manier.

Willeke Philips

"Er waren heel veel mensen die weleens hadden gehoord van het woord 'mantelzorg', maar het gekke is dat je er eigenlijk niets mee te maken wilt hebben op het moment dat het niet speelt. En op een gegeven moment gebeurt er iets met je partner die bijvoorbeeld alzheimer krijgt of er is iets anders en ineens ben je mantelzorger.

Langzamerhand ga je steeds meer zorgen en dan zak je steeds verder daarin weg, het wordt steeds zwaarder en zorg er dan maar eens voor dat je het vol blijft houden op een goede manier. Vaak zie je dan dat mensen hun eigen hobby's gaan vergeten en niet meer zelf ook blijven leven. Dat is nou juist wat je niet moet doen, want het kiezen voor hulp en het op tijd inschakelen van hulp is geen zwaktebod. Het is juist een teken van kracht en het zorgt ervoor dat je het gewoon zelf ook beter in balans kunt houden", leit Philips út.

Willeke Philips fan Saar aan Huis oer mantelsoarch

Bisto mantelsoarger? Sjoch hjir foar in oersjoch fan alle stipe foar mantelsoargers yn Fryslân

Ien op de trije Friezen jout wolris mantelsoarch oan ien yn syn of har omjouwing en dy soarch wurdt hieltyd swierder. Dochs doare in soad minsken en mantelsoargers net om help te freegjen. Dêrom komt Omrop Fryslân mei de 'Wike fan de mantelsoarch: freegje om help'.

Fan 1 april ôf komme ferhalen fan alle soarten mantelsoargers oan bar en wat der yn Fryslân is oan stipe foar mantelsoargers. Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer de aksjewike en in kaart mei in oersjoch fan alle Fryske inisjativen foar mantelsoarch.

(advertinsje)
(advertinsje)