Mear bern oan it sporten troch stipe Jeugdfûns
It Jeugdfonds Sport Friesland hat ferline jier oan mear bern stipe jûn sadat se sporte koene, as it jier derfoar. It fûns helpt húshâldings dy't it sels net betelje kinne om de bern op in sportferiening te dwaan. Yn Fryslân giet it om mei-inoar sa'n 13.000 bern.
Yn 2018 koene yn totaal 2561 bern úteinsette mei in sport, om't sy stipe krigen fan Jeugdfonds Sport Friesland. Dit binne der 180 mear as yn 2017 en 600 mear as yn 2016.
It sportfûns fergoedet de kontribúsje, de klean en bygelyks de hockeystick of it tennisracket. Yn totaal 17 gemeenten yn Fryslân betelje mei oan it Jeugdfonds Sport Friesland.
Trefwurden:
sportfûns