FIDEO: Studinten meitsje in byldetún yn Heech

05 apr 2019 - 16:40

Treddejiers studinten fan de Keunstakademy Ljouwert hawwe it Heempark yn Heech oanklaaid mei in byldetún. Elke studint is mei eigen materiaal oan it wurk gien. De ôfrûne moannen is der ûnder begelieding fan byldzjend keunstners Gerrit Terpstra fan Heech en Ruth Vulto Gaube fan Warkum wurke oan it projekt Heechspul. De eksposysje bestiet út 20 keunstwurken. Op dit momint wurdt de lêste hân oan it projekt lein, snein 14 april is der in iepen hûs.

Trefwurden: 
keunst Heech Heempark byldetún
(advertinsje)